12/06/2026
🎊𝑭𝒊𝒊𝒇 𝒘𝒊𝒏𝒏𝒆𝒓𝒔 𝒇𝒂𝒏 𝑹𝒆𝒍𝒚 𝑱𝒐𝒓𝒓𝒊𝒕𝒔𝒎𝒂𝒑𝒓𝒊𝒊𝒔 𝟐𝟎𝟐𝟔 𝒃𝒆𝒌𝒆𝒏𝒅
Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.🏆
By it ferhaal giet it om 'In Portugeesk ythûs' fan 𝗦𝘆𝘁𝘀𝗲 𝗝𝗮𝗻𝘀𝗺𝗮 (Harns).
It winnende gedicht fan 𝗚𝗲𝗮𝗿𝘁 𝗧𝗶𝗴𝗰𝗵𝗲𝗹𝗮𝗮𝗿 (Jorwert) hat gjin titel.
De oare winnende gedichten binne: 'De seepappegaai seit: ‘Uhh…’' fan 𝗝𝗮𝗻𝗻𝗲𝗸𝗲 𝗦𝗽𝗼𝗲𝗹𝘀𝘁𝗿𝗮 (Alde Leie), 'Reidseame' fan 𝗠𝗮𝗿𝗶𝗷𝗲 𝗥𝗼𝗼𝗿𝗱𝗮 (Broek) en 'Skilderles' fan 𝗣𝗶𝗺 𝗥𝗼𝗱𝗲𝗻𝗯𝗼𝗼𝗴 (Aldebildtsyl).
De Rely Jorritsmapriisfraach waard dit jier foar de 72ste kear útskreaun troch Stifting FLMD. Der wienen 91 ynstjoeringen ynkommen: 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.
💶De prizen fan €1000,- elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.
𝘙𝘦𝘭𝘺 𝘑𝘰𝘳𝘳𝘪𝘵𝘴𝘮𝘢 (𝘑𝘦𝘭𝘭𝘶𝘮 𝟣𝟫𝟢𝟧 – 𝘕𝘪𝘫𝘮𝘦𝘨𝘦𝘯 𝟣𝟫𝟧𝟤) 𝘩𝘪𝘦 𝘺𝘯 𝘴𝘺𝘯 𝘵𝘦𝘴𝘵𝘢𝘮𝘪𝘯𝘵 𝘣𝘦𝘱𝘢𝘢𝘭𝘥 𝘥𝘢𝘵 𝘥𝘦𝘳 𝘢𝘭𝘭𝘦 𝘫𝘪𝘦𝘳𝘳𝘦𝘯 𝘪𝘯 𝘱𝘳𝘪𝘪𝘴𝘧𝘳𝘢𝘢𝘤𝘩 ú𝘵𝘴𝘬𝘳𝘦𝘢𝘶𝘯 𝘸𝘶𝘳𝘥𝘦 𝘮𝘰𝘢𝘵 𝘧𝘰𝘢𝘳 𝘨𝘦𝘥𝘪𝘤𝘩𝘵𝘦𝘯 𝘦𝘯 𝘬𝘰𝘢𝘳𝘵𝘦 𝘧𝘦𝘳𝘩𝘢𝘭𝘦𝘯 𝘺𝘯 𝘥𝘦 𝘍𝘳𝘺𝘴𝘬𝘦 𝘵𝘢𝘢𝘭. 𝘈𝘭 𝘴û𝘯𝘵 𝟣𝟫𝟧𝟦 𝘸𝘶𝘳𝘥𝘵 𝘴𝘺𝘯 𝘸𝘪𝘯𝘴𝘬 ú𝘵𝘧𝘪𝘦𝘳𝘥.